De earste grutte APK

Juster foar in mammografie west en hjoed de utslag :

Gjin kanker te sjen ! Sa de earste grutte kontrole wie positief foar us !

 

Fanmoarn nei de chirurg west en die hat de boel ek noch wat besjoen, de skea fan it bestralen wie wol sichtber, mar sil dochs noch wat bylûke. Ik wie en bin tige bliid, it hald je toch wol wat yn spanning no.

Dizze moanne is it ek alwer in jier lyn dat it gedonder begûn. Myn ynspiraasje om te skriuwen is ek fuort, sil ynkoarten dizze blog ôfslute mei noch 1 ferhaal !

groetnis Annie

 

12 Novimber 2013 : Bin der earst klear mei !

Fanmoarn mei KT foar de leste kear nei it RIF west yn Ljouwert : foar de 25 ste kear in bestraling han ! Nova hat ek in kear mei west en no KT. Allinnich is ek mar allinnich en it fielde wol wat bysonder omdat jo wer in periode kinne ofslute. En dat doch ik it leafst mei myn man !!

De ofrune 5 wiken eltse dei om 8.00 mei de taksi nei it RIF ta en werom. Eltse wike waard it fel yn de oksel wat tinner en die it searder, mar no komt der in ein oan !  En kin it opknappen wer begjinne. Minder as no kin it dochs net wurde...

fannacht der wol wekker fan lein : hoe no fierder, hat it allegeare wol wat dien ? amputaazje, chemo,bestraling en pillen : mear kin ik der net oan dwaan om die rot cellen der ut te krijen..

De pillen binne foar de kommende 5 jier ! As it dan by eltse kontrole noch skjin is, kin ik sizze bin kanker frij ! No it paad fyne om der mei om te gean, mar dat sil ik fest fyne, der gean ik foar !

Bin noch net de alde, bin snel wurdich en moat myn enerzjie ferdiele. Mar ik doch myn best om by de pinken te bliuwen en troch te gean ! Earst noch mar wat bekomme en dan stadich oan sjen of ik wer nei myn wurk ta kin en dat wer op te pakken.

We sille moarn mei syn 2en ut iten om it te fieren en yn it lest fan dizze moanne geane we noch op fakansje nei Turkije mei Johan en Ida. Haw ik nocht en sin oan ! Sinnen noch in kear fersette !!

 

In bysondere dei...17 Oktober 2013

In bysondere dei, myn sus Sietske hjoed in jier ferstoarn...

In frjemd gefoel...Se is striidend ten under gien en ik bin noch striidend....

Fanmoarn nei Ljouwert west en fanmiddei nei myn Heit en Mem en myn swager...Bij beide kofje dronken en oer myn suster praten en oer wat der allegeare bart is ferlyne jier...Bysonder...

Bin ek op it tsjerkhôf west om in blomstik te bringen...In moai plak en in moaie stien.. Bin grutsk op myn swager en syn bern dat se dat sa moai utsocht hawwe !

In frjemd gefoel dat jo der stean mei in kale kop en de gedachten ek by myn eigen kanker....En alles wat Siets meimakke hat...

It leit yn it libben allegear mar ticht byelkoar ! Hjoed in dei fan besinning en der dan mar wer foar !!

 

"busje komt zo"...8 oktober 2013

25 Septimber bin ik mei KT nei it RIF west yn Ljouwert, se hawwe alles utlein oer de bestralingen en sa fierder. De earste strepen binne toen op de bealch delsetten om goed te kinne bestralen. Ik moat 25 kear der hinne. Troch de nijste technieken bin ik der no virtueel yn beeld.

 

8 oktober haw ik de earste bestraling han, KT moast foar die tiid der foar soarchje mei in dikke stift dat de strepen sichtbaar bliuwe soenen. ..Dikke pret en in soad geouwehoer, as jim snappe wat ik bedoel....bodypainting in bed....

KT en ik hienen ofpraten dat ik der mei de taksi hinne soe : Ikke belje en regelje , haw toen frege as se mar net mei in buske komme fyn ik alles prima. Doch mar in grutte Mercedes of sa...Die hienen se net, allinnich in nijste Volvo station...Ok sei ik dat kin der mei troch....

Nova giet om 8.00 nei skoalle en ik gean dan mei de taksi...sa is dat thus moai regele...It moast efkes wenne want toen ik yn de taksi siet seach ik dat ik myn croqs noch oan hie...

De earste 2 kearen hie ik foar myn dwaan knappe klean oan, mar omdat it bestraling mar efkes is, tocht ik de 3de kear : gean gewoan yn myn trainingsbroek en makkelyke klean. It tafal wol dat ik die kear net allinnich yn de taksi siet mar dat der in pear "tokkies" al te plak sieten...hahaha...tocht noch wat sjoche die der ut en moast leitsje toen ik mysels beseach...Se seinen ek neat, dus haw ik mei ek mar stil halden...Op de werom reis siet der ek al in man yn de taksi, tocht toen al die koe wol net hielendal doche...dat klopte want die moast nei in soarchbuorkery....En sa kom je fan alles tsjin no. ( en dat sille se dus ek fan my tinke...)

Ik sjoch wol hoe alles ferrint en wer ik miskien noch lest fan krije sil...Der kin ik no noch neat oer sizze...

It wisse is dat ik 8 Novimber de leste bestraling sil hawwe..

 

 

efkes tusken troch....

Wer haw ik allegear lest fan :

in sear slechte kondysje...

hier wat begjint te groeien, it lyket wol as der in rat of sa oan myn hole hat sitten te fretten...

wenkbrouwen en wimpers die op it ein binne, it is gjin gesicht..der sitte her en der noch wat hierkes...

moai wat kilo's groeit, in dikke kop en sa fierder..fetrollen noch grutter...

seare poaten...

de earste ferskynselen fan de oergong...switte as in barich, resteleas...

blauwe achtige nagels op hannen en fuotten...

No en sa is der noch wol mear...hahaha...Mar ja , hjir moat ik it earst mar mei dwaan...Oar jier mar wer ris oan de kilo's wurkje...De leste chemo kuur hat der toch wol ynhakt, hat syn tiid nedich...

 

22 septimber, wat oars dan ik tocht hie...

It wie die snein moai waar en de middeis mei Margreet te mountainbiken west op us lienfietsen...Ok, in hiele slechte kondysje en twa kear stoppe om wer op adem te kommen mar wol leuk om te dwaan. It foel my erg ôf dat ik net better troch fytse koe, mar ja...der is oer hinne te kommen en dan is der ek wat om oan te wurkjen no. Ofpraten dat we de tiisdei wer soenen..Nei in ( fertsjinne ) bierke bin ik wer nei hus ta fietst.

Mei Ineke noch in stikje te rinnen west, tocht efkes utrinne is altyd goed no en dat doch ik dan ek noch efkes...We binne net sa fier kaam omdat ik seare fuotten hie...

Fyn it moeilyk om oan ien te bekennen as it net mear giet, mar oan de oare kant giet dat ek hieltiid better, grinzen oanjaan siz mar...

nei al die sportiviteit haw ik noch lekker snackt mei Wesley, Jaela en Nova...haw tsjin de bern toen sein dat ik no yn de rust modus gie..op de bank mei in boek en wat televysje sjen en sa.

Klaas Tjibbe hie dizze dei de "dam tot dam loop" ( hat hy utrûn, wie tige grutsk op him.) en soe in oer of healve 10en wer thus weze. Mar toen ik op de bank siet en lei waard ik al wat minder...fielde my net sa lekker en krige it kald en waarm tegelyk. Woe KT syn dei ek net ferpeste en bin op bleaun. Mar nei dat we by praat hienen wie de koeke op en bin op bed gien : yn myn joggingsbroek, fest, sokken, muts...kald hie ik it !! Sliepe waard him net en fernaam wol dat ik koorts krige. KT hat my doe fersoarche om it samar te sizzen...De temp fia it ear wie oan beide kanten mear as 39 gr..

dus tiid foar aksje : KT hat it sikenhus belle en we moasten delkomme. it wie undertusken ek hast oer 12 yn de nacht, mar ja. Koarts nei in chemokuur kin gefaarlyk weze sjoch. En mei namme 10 dagen nei de chemo is de weerstan op syn minst...en dan kinst dus fan alles op rinne wer dyn lichaam dan neat oan dwaan kin omdat dan de leuko's fier beneden peil lizze.

Om in lang ferhaal wat koarter te meitsjen : yn it sikenhus hawwe se allegeare undersykjes dien..( bloed teste, longfoto's, hartfilmke en sa fierder.) Ergens wie der in ontstekingswaarde dus waard der besletten dat ik moast bliuwe om in antibioatica kuur fia it infuus te krijen...Al mei al waard ik mei bed en al om ongefear 2 oere nachts nei in seal ta ryden...En der bin ik bleaun oant tiisdei !! It resterende fan de kuur mocht ik thus ofmeitsje mei pillen...

in lytse anekdote : De oncoloog kaam juster ek oan it bed en moast leitsje..."daar was je al "...Hy fun it ergens wol grappig en herinnerde mei der oan dat ik in skoft lyn tiidens syn utliz oer de chemo dat eltsenien in misser krijt en in pear dagen nei it sikenhus ta moat foar wat ekstra's....Toen hie ik sein : "Dat zullen we nog wel eens zien..". Hy hie dus gelyk krigen.....

 

 

Dit wie dus al mei al in stap efter ut, mar moarn gean ik foar in intake gesprek nei it RIF om de bestralingen te bepraten en sa fierder. En dan kinne we wer foarut !

Haw mei mysels ofpraten dat ik dizze wike efkes restig oan doch, om oankommende sneon te jun lekker te kinne volleyballen by it toernooi wat ik sels mei organisearje !!

 

 

de leste chemo...12 septimber 2013

De leste chemo sit der yn !!  Under begeleiding fan Wesley en Lammert Klaas bin ik der hinne west...In frjemd idee mar echt wier..Wer ik it measte lest fan hie wie de gedachte dat ik in pear dagen nei de chemo net fit weze soe..( wyls ik dit typ bin ik dit dus ek net.) Hoopje dat it spul syn wurk allegearre dien hat en dat it net foar neat is west.

Ik baal as in stekker as ik my net goed fiel, skikt net en haw der gjin ferlet fan...Ik moat noch safolle !!

De ferpleegkundige drukte my in folder yn de hannen fan "Herstel en Balans " : yn in groep sporte en der oer prate wat jo mei makke hawwe en begeleiding derby om wer yn de maatskappy te funktsjioneren...Foardat ik wat sizze koe sei Wesley : "Dat docht se toch net, docht se sels ! ".. Tja.....

Hy hat gelyk want ik gean der foar : Bin lichtjes begun te wurkjen, gean te rinnen, te volleyballen en sil aanst te mountainbiken...It goeie sin der foar en der wat fan meitsje bliksems !!

Sit no te wachtsjen op bericht fan Ljouwert fan it RIF, binnen no en trije wiken begjinne mei bestraling...Kin op dit stuit hjir noch neat oer skriuwe, moat der noch hinne foar in intake gesprek.

22 augustus : troudei KT en Annie en 5de chemo

21 augustus binne we mei syn allen ut iten west om it feit te fieren dat wy 22 augustus 5 jier troud wienen !! 

22 augustus hie ik dus de 5de chemo en stel dat ik juns net fit soe weze dan geane je ek net leuk fuort no. fander de juns der foar. En om no de chemo ut te stellen omdat it jo troudei is , fun ik gjin goeie reden. Tuurlyk hawwe wy mei syn allen der op proast mar it is in gekke gedachte dat je 5 jier lyn net by kanker stil stienen... Dus de neidruk lei toch wol wat op de sunens...Ek wol wer efkes moai sa'n besinning sunder al te folle wurden...

En dat bringt my fuort en dadeliks efkes by KT en my : Ek yn us e relaasje binne der wolris dingen wer wy it net oer iens binne...Beide kinne we der neat oan dwaan dat ik siik bin fansels, mar merk oan mysels dat ik wol wat emosjoneler reageer as foarhinne...En as ik ien kear lilk bin, lit my dan mar efkes gewurde....Oan sorry haw ik neat, dan tink ik : hie dat fan te foaren mar betocht...Dus  jim kinne jim foarstelle dat dat wolris efkes tiid nimt...Gelokkich komt dat net hiel faak foar. It is moai dat ik my net better foar hoech te dwaan as ik my soms fiel, KT prikt der toch wol troch hinne....KT hat in hiel soad dingen al earder belibbe sa as it neat dwaan kinne, it gefoel dat hy oan de sydlyne stiet. In frou hawwe die siik is, is gewoan net wat je graach wolle toch ?

Sa sei ik ek in kear tsjin de jongste dat se nedich nei de kapper ta moast...It hier siet nergens nei...Seit se tsjin my : "krekt as dyn hier sa moai sit".....

22 augustus : de 5de chemo, it bloed wer ok dus der mar wer foar ! Earst in besite oan de mammacareferpleegkundige : se hat it litteken besjoen en goed keurt...it seach der keurig ut. It duorret wol in jier foardat de definitieve foarm der oan sit. Fierders hie ik foar har gjin fragen. Toen ik siik wie nei de 4de chemo fun ik de konfrontaasje mei yn tiet efkes moeilijk mar yn it algemien bin ik der wol aardich yn berest yn it libben mei ien tiet. Ik haw noch gjin behoefte om nei te tinken oan in rekonstruksje of sa. Doch myn best as ik echt fuort gean om myn prothese yn de bh te dwaan mar ik ferjit it ek wol gau ris...sil dan net werom gean . It is sa as it is.

De oncoloog kaam ek noch del en frege ek hoe as it gie. Hy wie tefreden oer syn behandelplan en ik eins ek wol. Der is nei de chemo's gjin scan of sa die oan jaan kin oft it allegearre holpen hat om de kankercellen fuort te heljen. Ek ut it bloed kinne se it net sjen. Mar de kombinaasje fan chemo, bestraling en hormonen is de kans wol grut dat it slagge is....En sa fier is it noch net.....It komt der no earst op del as der utsaaiingen komme, is de kanker net fuort....It sil de keunst weze om der mei te libjen....en dat kin ik op dit stuit dan ek net hielendal under wurden bringe....

 

 

de tiid foar de 5de chemo, augustus

Ik hie al earder in blog skreaun mar die bin ik troch in ferkearde druk op in knop kwyt rekke...Ik wie der efkes klear mei, gjin ynspiraasje en nocht om wer opnij te begjinnen...Mar troch my self in skop under de kont te jaan sit ik wer efter de kompjoeter...Ik wol foar letter in redelyk ferhaal leze kinne hoe oft dit jier ferrun is !

Dizze simmer is it qua waar moai ! Tink wol dat alles swierder weze soe as it minder waar is...It libbet makkelyker en it sin is faaks goed. Der binne ek dagen dat my net oan kanker tinken docht omdat ik alles doch wat ik graach dwaan wol om it samar te sizzen. Echt ferfele haw ik noch net dien.

Net oan it wurk weze falt my dochs sa no en dan wol swier, fiel my skuldig as ik my goed fiel en net op it wurk bin om it samar te sizzen..Haw  soms ek lest as ik de mails fan it wurk besjoch...loslitte Annie tink ik dan mar dat giet net sa makkelyk....Sa as altyd giet de tiid wol troch en ek op it wurk komme der feroaringen wer ik op dit stuit net by bin mar letter wer oppakke kin fansels...Fyn it prachtig dat ik in hiel soad kaarten en blommen kry fan kollega's ! Ek binne Joze en Tammy noch om in bakje west. Sokke dingen doche my tige goed !

Bin dizze moanne ek noch foar it earst by de mondhygieniste west : troch dat ik tige lest hie fan de mûle ( lez bek..) fun ik it tiid wurden foar wat ekstra fersoarching...Fun har wat in weak aai mar se bedoelde it goed : krige in baby toskeboarstel mei nei hûs om te poetsen...wie better foar it toskfleis...Ek seach se in begjinnend gat yn in kies mar se sei dat de tandarts wegens de chemo hjir no toch neat oan dien...no dan hald ik dat noch wol tegoede...

De tiid hald gjin skoft : De bern binne wer nei skoalle, it deistige libben is wer yn gang set....mei mem thus....Gean noch hieltiid 3 kear yn de wike te rinnen mei Ineke, volleybal wat en doch it hushalden mei alles wat der by komt.

1 augustus de 4de chemo

De earste 3 bin ik leuk troch hinne skarrele, dus ik wie hiel benijd hoe oft de 4de gean soe...Yn de informaasje die fan te foaren krigen hie stie hiel wat : senuw pyne, grieperig gefoel, minder misselyk, wurdich , seare kiel, koarts, seare mûle en sa fierder. Ek dat je in allergyske reaksje koenen krye...

Klaas Tjibbe hie dizze wike frij en is mei west nei it sikenhus. Om te sjen hoe oft myn bealch reagere soe dienen se de kuur langsam troch it infuus. Normaliter koe it pudsje mei spul yn in oere der troch hinne, mar dat hienen se no langsamer setten om te sjen oft der in reaksje soe komme. Foar de tiid waard myn temp noch mjitten en bleek dat ik ferheging hie, sa it moast earst oerlein wurde oft de chemo wol troch gean koe...Se foenen my yn in goeie kondysje en de bloedwaarden wienen fierders goed dus it koe gelokkich troch gean. ( Wie der ek op ynstelt en net foar neat der hinne gien toch ? ) ek moast ik wyls oan de bloeddruk meter...Lokkich gjin allegergyske reaksjes ter plekke , sa it spul siet der op sich ek samar  wer yn. De 4de chemo wie in feit !!

In pear dagen letter : Undanks it moaie waar wie ik foar myn dwaan hartstikke siik : alles wat sear dwaan koe, die ek sear : reg, knibbels, fuotten, nagels, kop, bek, kiel , tong !!! Koe eins net sitte, lizze of stean. Ik kin jim fertelle dat dat nij foar my is. En dan komme hiel hurd de 1000 en 1 gedachten ek op setten fansels...Efkes witte dat dit by de striid tsjin die rotkanker heard !

"ik hie hjir toch ek net foar kozen, werom haw ik dit no, wat is it libben soms oneerlyk. Werom wurde myn plannen no sa yn de war skopt ? Stomme kale kop, stomme neptiet, stom dat der noch mar 1 oer is, aanst sit der ek noch kanker yn, stomme pruk mei al die djoere fersoarchingsdingen derby, stomme dokter die net sizze kin oft überhaupt de chemo helpe sil." Dat wie ek wer in moaie oanlieding om de trienen gean te litten yn kombynaasje mei de pyne die ik fielde....sawol lichamelyk as geestelyk...

fun mysels echt wol sielig en dat wie ik eins ek wol... Mar sa as altyd komme der nei slechte tiiden ek wer goeie tiiden : Yn die pear minne dagen wienen de bern der foar my : Se hawwe goed op my passe ! Krekt as elke mem haw ik ek wol ris kommentaar op de bern dat se wolris wat mear dwaan kinne yn de hushalding, kommentaar dat se sa faak fuort binne, kommentaar op hun gedrag. Bin grutsk op se dat se der binne as ik se nedich haw !! Elts op hun eigen manier !! Ek de bern joechen oan dat se skrokken dat ik siik wie..mar dat die ik sels ek. Lokkich  knapte it geande wei wer op en fielde mysels wer better wurden...It is tige fyn dat minsken om jo hinne jo helpe wolle mar it it foar my wol tige swier om dat te freegjen. Wol my sa lang mogelyk sels rede en alles sels dwaan...dat sit yn myn karakter ! Se krije my der net samar under !

 

Stel je foar....31 Juli 2013

Stel je foar....

it is jûn tiid en sit te wachtsjen op de 4de chemo....binne senuweftich omdat je net witte wat der barre sil. It is soms te moai om wier te wezen dat je der sa wat tusken troch skarrelje...Je binne wol gau oant ein mar alles wol dwaan kinne wat je graach dwaan wolle. Ek de bloedkontroles wurkje mei en alle waarden binne goed om in nije chemo te undergean.

Stel je foar....

je geane ofrune snein op de motor richting Maastricht, meitsje in tocht troch de Belgische Ardennen, ite en drinke wat underweis en genietsje fan in lanskip en alles der om  hinne. Je ryde al mei al wol 1000 km mei jo man, elts op in motor. Je hawwe twa kear in leuke B&B mei gesellige minsken en geane jûns lekker ut iten en sliepe poerbest nei de rit, sadat je de jûns ek wer folhâlde kinne. Fia Maastricht nei Dutslan en ergens yn de Achterhoek wer yn Nederlân komme. En ek der noch in nacht yn in B&B. De Jûns noch ut iten en belle wurde troch it gast gesin die freget as se jo ek ophelje moatte ut it doarp omdat it sa reint...Dan de oare deis wer graach nei hûs ta wolle omdat it thus ek best is.

Stel je foar....

Jo hawwe in kale kop mar efter op sitte noch in pear stikeltsjes...Wer troch jo soms net lekker op in kessen lizze omdat it net lekker draait mei de hôle...As it waarm is gjin nocht hawwe oan in muts of bandana mar der ek wer omtinke moatte dat de kop net te waarm wurdt fansels. Mar de minsken litte jo wol rinne. En dan fyne jo opiens jo pet die je jieren lyn al kocht hawwe omdat je dat destiids moai fûnen...En dan no fyne dat it best wol wer kin.

Stel je foar....

Jo sjoche jo leanbriefke en leze dat jo al 50 sykte dagen hawwe...Jo fyne dat in hiel soad en misse jo wurk dan ek noch. Mar der tsjin oer ek witte werom as jo thus sitte. En dan op in snein komme der kollega's op besite wat gesellig is mei rike fisk en bbq. En dan is it ek leuk om by te praten buten it wurk om.

Stel je foar....

Jo sjoche foto's fan de leste moannen fan jo sels en sjoche dat der in tiet mist yn it shirt wat jo oan hawwe. It went, mar it bliuwt dochs wol konfrontearend, mear yn de sin fan O ja...dat is ek sa...

Stel je foar....

Yn jo hushalding wurdt it gewoan dat der 1 yn prinsipe siik is. En dat jo bern ek allegearre hun eigen dingen hawwe wat utgean besjut, fakansje en wurk. Eltsenien der oan went is dat it sa is en dat jo mei syn allen troch de tiid moatte mei jaan en nimmen.

Stel je foar....

Dat der gjin grappen mear makke wurde kinne oer kanker en alles wat der by komt. Dat die grappen jo der ek byhalde om it allegearre leuk te halden.

Stel je foar...

Dat je net mear genietsje fan de leuke dingen fan it libben dan krije jo it ekstra dreech !! En derom moatte jo der altyd foar gean !!

 

It is mar in foarstelling....net ien wit hoe oft it komt en dat alles oan slagget en goed giet mar der gean jo wol fan ut !!

 

 

skreaun troch Marie 31 juli 2013

Annie freege mei of ik ek in stikje skriuwe woe foar har blog. Eerlijk sein ziet ik hjirre net sa op te wachtsjen, omdat ik fien dat ik net sa goed skruiwe kin. Toch doch ik et mar, omdat Annie zei dat et leuk is om dat leter es wederom te leazen. En ja der had ze ek wol geliek oan.

 

 

Toen ik te hjerren krieg dat Annie siek wie, skrok ik bot. De eerste pear dagen hie ik et er erg moeilijk mei. Ek omdat mien mem oerleden wie an kanker makke et extra moeilijk. Toch vrij snel wie ik er an went dat Annie siek is.

 

 

Ik fien dat Annie in erg sterke vrouw is en postief mei har siekte om gjit. Dat makket et foar ûs allejer in stik makkelijker. Soms ferjit ik gewoan dat annie siek is en har kale kop en 1 tiet is foar mij heal normaal wurden.

 

 

Leatsten bin ik mei Annie te winkeljen west nei Drachten. Eerst wieden we fan plan om nei de Primark te gean, mar dat soe wol wat te volle energie nimme. Et wie hartstikke gesellig. Tusken trog ha we nog even op et terras zitten en in lekker broadsje han.

 

 

dit jier bin ik nei `t feanhoop festival west. Et wie hartstikke leuk en moai waar. Samen mei Ruurd en twaa freonen binnen we mei de boat er hinne faart. De moarn had Annie mei en al mien bagage nei de boat brocht. Fan te voren freeget ze efkes of ik et wol goed fien dat ze niks op de hole dot. Tuurlijk fien ik dat goed et is foar mij toch normaal wurden en ik skamje mij net foar har ofsa…

 

fakansje en de tredde chemo, 11 Juli 2013

Nei de twadde chemo wienen de earste dagen wat minder mar wol krekt te dwaan. Sa as ik faker skriuw :de tiid hald gjin skoft en dan foaral yn dit skoft fan it jier : bbq hjirre en bb1 dere, feestje hier en feestje daar...ter ofsluting fan sport, skoalle en sa fierder.

wat wurk besjut :

 bin 24 Juni by de arbo arts west en hoech pas werom te kommen nei de bestralingen. Haw ofpraten dat ik kontakt hald mei it wurk en dat ik dwaan mei wat ik dwaan kin. ( en wier meitsje kin fansels.)

26 Juni by de leste wurkbesprekking west fan it team en bypraten mei kollega's.

28 Juni nei de diplomering west fan de kursus EVV. ( mei de pruk op...woe net de nadruk lizze op in bandane of keale kop. Degenen die mei wol faker sjoen hawwe wisten dat, mar bin benijd as it noch mear opfallen is...)

it Polderfeest wie ek wer gesellig, mar der net it ljocht ut dien, binne yntiids nei hûs ta gien...sa ferstannich wurde we ek noch.

30 Juni : jierdie fiere fan skoanmem, dit wie ek slagge. Ek hawwe we familie foto's en steltsje foto's meitsje litten...Bin benijd hoe de foto's der ut komme te sjen. We wienen allegearre yn de pronk, sa der sil it net oan lizze...

( miskien net sa  leuk om te lezen en sa, mar ik skriuw ek data's derby foar myn eigen tinzen...Ik  ferjit soms wol ris wat.... As ik it letter sels werom leze wol, dan kin ik my der in tiid by helje.)

fakansje : We binne mei de camper fan heit en mem fuort west...dit wie hartstikke leuk en hat us wer goed foldien ! Wat in lukse en romte. Nova wie mei en in pear dagen letter kaam in freondintsje fan Nova, ek hiel gesellig ! us fakansje is altyd mei de ynstek : neat hoecht alles mei. We lizze faaks ek earder op bed as thus..

KT kin syn fakansje dagen sels yndiele en we hawwe dizze simmer besluten om sa no en dan ris te gean ( tusken de chemo's troch.) We soenen earst nei Kroatië die kanten op, mar it is better om yn eigen lan te bliuwen en der is ek noch fan alles te sjen no. En ek noch wol plakken wer we noch net west binne. As der wol wat bart, binne je better te plak yn in nederlansk sikenhus yn myn posysje.

Thus : it rint allegearre wol, we binne der oan went dat ik middei's in oere op bed gean wer ik dan ek bot oan ta bin...Fernim dat ik hieltiid wurdicher wurdt en dat ik dan rest nedich haw om de dei troch te kommen en de juns....

soms haw ik lest fan frustraasjes : libje mei de kalinder, dingen planne yn de leste wike foar de folgende chemo. Sa bin ik net , mar moat keuzes meitsje..Lekker drinke en ite doch ik wol, mar mei mate...bin bang dat ik te lang bekomme moat fan de gefolgen...No der hie ik earder gjin lest fan.

Doch myn best om myn holle, hud, litteken goed te fersoarchjen, dat nimt ek tiid en wurd dan hieltiid konfronteare  yn de spegel..Earst moast ik wol efkes slikke mar it giet better...Sliep sels wer op de rjochter kant en dat is dan wer sa n plus punt.

 

 

Lees verder...

ofrûne wiken en de twadde chemo op 20 Juni 2013

nei de earste chemo : it is mei myfallen...de pillen tsjin de bywurkingen hawwe goed hun best dien...Bin earder wurdich , mar haw aksepteard dat ik middeis in oere op bed gean om te resten, der troch hald ik alles prima fol fyn ik sels..In inkele kear frustreard it my dat ik libje mei de kalinder : wanneer bin ik op myn minst en op myn best...mar it is ek wol wer yn te plannen...it is net oars, ik doch it wol ergens foar !

it omgean mei de kale hole giet hieltiid better...sa no en dan in mutske op , dan in bandana en omdat it ek waarm wie neat op de hole..ek best. myn oksels hoech ik ek net mear te skearen, der groeit ek neat mear..dat is wol wer makkelyk fansels...

14 Juni : bin ik nei de spesjale kapper west yn Grou : de pruk is knipt neffens myn sin. De frou die my holp die woe my in massage jaan, mar sei toen dat ik dat net oan tiid hie, moast ek noch boadskipje en hie allegearre oare dingen te dwaan..No dat hearde se net faak..Haw har ta sein dat as ik wer kom, ik langer bliuw sa dat sy har dingen dwaan kin. Se sil my dan ek sjen litte hoe as je de pruk waskje en fersoarchje..fansels haw ik alle middeltsjes ek al yn hûs om dat thus ek te kinnen.

de jûns wie der it strjittevolleybal op de Tynje, wie earst bang dat ik net fit genoch weze soe, mar dat foel dus ta...En nei trije jier yn de finale te stien hawwen dit jier earste wurden !! Sa dat hawwe jo dan mar wer. Lokkich giet de beweging goed, gean ek noch hieltiid 3 kear yn de wike te rinnen mei Ineke en volleybalje op tiisdei te jûn buten op it fuotbalfjild by us yn de Polder. De oare deis meidien oan it beachvolleybal by it Sangat. Fun it earst in bytsje frjemd...de muts hie ik op...Hjir hawwe wy it net sa goed dien, mar wol gesellig..En dan hawwe jo keuzes makke : it wie allegearre wat tefolle fan it goeie en yn it ein fan de middei wie ik kapot en dat hat duorre oant de oare dei ta !! Mar dizze kear hie ik dat der foar oer omdat ik hjir bot fan genietsje kin.

17 Juni : haw ik myn ein presentaasje joen op skoalle ! Hie al earder skreaun dat ik dit net cadeau woe krye en haw myn best dien om hjir wat fan te meitsjen...En jawis : slagge !! It wie lestig om it net oer de kanker te hawwen mar koe der net omhinne. It oerkomt je en der moatte jo mei fierder. Ek yn it wurk en alles wat der by komt. Haw noch ambysje om fierder te leren mar dat stel ik noch efkes ut.

Nova hie dizze dei har skoalle reiske, sa komme jo ek noch wer ris by skoalle no. Se fun it prachtig dat ik der wie. En ik ek...

wie earst wol in bytsje benijd nei de reaksje fan oaren toen se mei foar de earste kearen seachen mei pruk of muts. Mar ek dat falt ta. Haw wol tocht wat doch ik as de boel skeef sit of of waait...hahaah...Se litte my ek wol rinne !

19 Juni : bloed prikken om te sjen of alle waarden goed binne. Wesley hat mei west foar it geselskip, dat koe ik tige waardeare foar in jongen fan 16 jier. We hawwe dernei noch in bakje dien yn t Fean mei in tosti. De middeis waard ik skille : it bloed wie goed sa ik koe de oare deis komme foar de chemo. Se joech oan dat ik ek wol earder komme koe omdat der minsken net koenen of it bloed net goed wie. It kaam mei ek wol wer goed ut, koe ik dernei moai te boadskipjen..

20 Juni : 9.15 wie ik yn it sikenhus mei Marie ( dochter , 18 jier en suster yn oplieding.) It gie allegearre al wer flot en west no ek wat der allegeare komme soe. De dietiste kaam ek noch lans. dit hie gjin mearwaarde funen wy...dat witte we ek wol dat de skiif van 5 belangryk is...Toen kaam de oncoloog : hy wie bliid dat de medisinen hun wurk goed dienen..ifm de bywurkingen...Hy is dudelyk yn syn wurden en it net lestig om him  wat te freegjen...

tegearre mei Marie dernei in hiel soad boadskippen ophelle en by de Mc Donalds west...hoe sa om it iten tinke...Se moast de middeis nei skoalle en toen bin ik nei myn koeske noch mei Mike nei de Gordyk west om noch mear boadskippen...Hie gjin lest fan de chemo.

Mar dat kaam de jûns...ik waard wurdich en in hiele bytsje misselyk. No dan is it beste plak op bed...Haw goed slept , wie skjin tenein.

thus : we reitsje der mei syn allen oan went dat ik yn wezen siik bin, mar we hawwe allegearre us draai wol aardich fun. Ik stean der mei op en gean der mei op bed. Eltse dei is der wol wat dat je der oan tinke of mei te dwaan hawwe. En de tiid hald gjin skoft. Mar bin net fan plan om der yn hingjen te bliuwen...Dat wol ik salang mogelyk utstelle !! En mei in grutte hushalding is der ek altyd wol wat, pubers, hushalding, wurk en sa fierder. Dat hald my nuchter en mei twa fuotten op de grûn.

 

 

13 Juni 2013 : foar it earst in kale kop

earjuster begun it hier echt los te sitten, plukje hjir en in plukje der..Ek de bern hawwe it testen troch der wat ut te lûken...en dat is apart as dat net sear docht no..Je skrikke en toch wist ik dat it komme soe...Ik hie de opsje om de kapper te skiljen of thus dwaan te litten troch Klaas Tjibbe en Nova. Foar de leste opsje haw ik kozen...

Besletten om it justerjun der of te skeren mei de tondeuze. Yn de bykeuken foar de spegel. Toen KT begjinne soe sei ik " moast noch efkes wachtsje, ik rook nog 1 sjekje..."..Wie dochs wol wat senuweftich hjer...Mar it is der of, mei help fan tondeuze, skeerapparaat en skeermes...En dan hawwe jo in moaie kale kop..It moast hiel efkes wenne, mar it foel mei, eltsenien thus seach it al gau sitten en ergens op lykjen...Nova hat it leste plukje der of helle..Se fun my op Smeagol lykjen fan "Lord of the Rings "...tsja..

Dernei de tas mei spesjale sjampoo's, creme, mutskes utpakt om te gebruken yn de douche...Der sit in bepaalde folgorde, sa yn kear yn de douche moast ik der in pear kear ut om te sjen wat ik no wer gebruke moast...Wat in drokte mar it sil wol wenne..( doch der by de mûle fersoarching, hud fersoarching, litteken fersoarching, boarstprothese fersoarching. Haw it noch nea sa drok han mei mysels...hahaha. Mar alles foar it goeie doel : sa goed mogelyk dizze tiid trochkomme

Letter op de jun bin ik as primeur mei myn mutske op nei myn skoansuske west die ek op de buurt wennet...Ek der wienen se der al gau oan went..Je moatte toch in kear de doar ut, en dit wie in moaie oanlieding...

Wer thus haw ik de pruk ek noch efkes ophân, dizze moat noch wat yn model knipt wurde, mar fyn it sels wol wat lykjen...

Fierders fiel ik my aardich goed en bin redelyk went oan myn nye libbens style...Middeis gean ik foar in oere rest op bed en dan hald ik it goed fol , ek de juns..Alles wat no noch goed giet , genietsje ik fan : volleybaljen as foarbield. Fan de operaasje sels haw ik gjin lest mear, de rjochterkant docht it wer leuk.

Earst tocht ik dat ik wol wat kilo's kwyt soe reitsje troch de chemo en spanning, mar dat is op dit stuit foar my in fabeltsje...der binne in pear by kaam...bbq hjir, bbq der, thus lekker ite en juns toch noch wat sjips of in stikje woarst of tsiis....Alles yn 1 kear feroarje kin toch ek net no...

Op nei de twadde chemo ! En dan sjoch ik dan wol wer.

 

 

30 Maaie, de earste chemo...

De nacht der foar beide net goed slept...spanning en senuwen...

Om 8.45 moast ik thus de earste pillen al slikke ter foarkomming fan misselykheid...9.45 oanwezig en 10.00 siet ik al oan it infuus...

De oncologie ferpleegkundigen hawwe kennis makke en we witte no ek wer it kofje apparaat stiet en  sa...De begeleiding is dikke prima undanks de omstannicheden...It duorre ungefear 2 oeren en toen wie alles der al troch hinne...In pudsje fan dit en in pudsje fan dat en tuskentroch wat trochspyle mei wat salt oplossing...

It wie in frjemd idee toen we wer ut it sikenhus wei runen, spanning foel wat fuort en nye spanningen der by...ChemoAnnie...der run ik dan mei it earste spul yn my wat my wer better meitsje moat...

De middeis wie ik allinnich thus omdat Klaas Tjibbe ek nei it wurk ta moast en de bern wienen ek allegear underweis...Ek dat wie efkes ny, siet eins te wachtsjen op de earste byferskynselen fan de chemo ...Bin ek efkes op bed west  mar dernei gebeurde noch neat...Mysels toen mar efkes tasprutsen...en sein dat ik der mei ophalde moast...en dat slagge ek noch...In bytsje troch skarrelje lyket us it beste en dat doch ik dan ek mar, der is lokkich altyd wol wat te dwaan yn hus en om hus hinne...

de earste kear is west , en as ik  wit hoe  dit wat ferrint, dan wit ik ek hoe oft de twadde kear in prinsipe gean sil...It is no de keunst om de tiid troch te kommen, sjen wannear ik op myn best en it minst bin tusken de chemo's en leuke dingen planne om nei ut te sjen en foar te gean..Ofwachtsjen wannear it hier utfalt, ferskynselen fan de oergang, hoe wurch soe ik wurde....en sa fierder....It fielt allegear wat machteleas mar we moatte fierder !! En mei leuke dingen bedoel ik fakansje, utstapkes, thus lekker bbq ensa...

It falt net altyd mei om it goeie sin der by te halden, mar dat hoecht ek net toch ? Binne beide wol nuchter genoch en kinne relativere...Jo moatte it dwaan mei wat op jo paad komt...

woansdei 29 Maaie, op it wurk en de kapper

De moarns bin ik by Ingrid west op it wurk om fan alles en noch wat trocht te praten en by te praten. Ek noch op de ofdieling west en noch lekker in sjekje mei Pietrix. En dernei noch bypraten mei Joze. Ofpraten mei Ingrid dat ik de skoalle sels maile soe oer de kursus EVV....oer hoe no fierder...Ik moat noch in presentaasje jaan en in pear opdrachten en as it heal kin , 28 Juni myn diploma ophelje...Ik wachtsje it noch efkes of, mar hoopje it beste. It ienichste wat tsjin kin sitte is dat ik net fit genoch bin...

De middeis bin ik mei Nova nei Grou ta west : Berino . In saak die spesjaliseerd is yn pruken, bandana's, mutskes...It gefoel wie goed en ek foar Nova fan 8 jier fielde it ok...Ek hienen se boarst protheses en bh's...Ik haw in pruk passe en Nova moast bot leitsje..Se soe oare wike noch in pear mear sjen litte sunder dat ik hoech te beslissen...It lyke toch ferdomd echt die pruk..it sette my efkes oan de twyfel...( mar sjoen de kosten die der oan sitte waard it alwer wat makkelyker...Kry 399,- fergoede fan it sikenfonds en der boppe op moat ik sels betelje. Dus dat wurd net in djoere ..hahaha...sonde fan it jild . Kin  dat wol wer foar wat oars gebruke en haw yn de holle dat it ek mar tiidelyk is fansels...

Nova woe wol graach dat ik in pruk naam, dan koe die dernei moai by har ferklaaiers klean en sa...

Mei 4 nye bh 's, in echte borstprothese binne wy wer nei hus ta setten...( en in beurs lichter...) de neptiet fielt wol as froeger : sa 'n pudsje sjippe dat je dan knede koenen...hahaha...Wist ek net dat der noch safolle te krijen wie : kin letter ek noch wol in swimprothese krye of in letterlyke plaktiet...as je wat hastig binne...Hawwe it earst sa mar ris litten...

6 juni sil ik der wer hinne om noch in kear in pruk te pasjen en fierder hierguod ut te sykjen...en dan komt it kaal wurden ek al hiel tichtby...

Kreta : 20 Maaie oant 27 Maaie

fanof Eindhoven mei de fleanmasjine nei Kreta...in goeie reis mar let oan op de bestimming...Dat makket dan ek neat, want it waar wie toen ek noch geweldich !. Nei it appartement en de koarte broek en himd oan. En dernei us earste Myrthos..( bierke.) Dizze wike hawwe wy us prima fermakke. We hienen in scooter hiert fan 125 cc, der binne we mei us 2 en op paad west..de bergen yn en of...Ek hawwe wy mei in jeep tocht mei west, dat wie ek leuk, we hawwe in soad sjoen...Yn it swimbad , yn de see, it waar siet echt mei...Doch der noch lekker iten en drinken by no dan is jo fakansje ok ! ( Klaas Tjibbe hat yn 1 nacht wol fan alles der ut goait...ws syn slakken die hy iten hie...mar gelokkich wie it de oare deis wer ok...)

In pear mominten fan besinning yn kombinaasje mei de kanker...: We soenen in tocht rinne fan 16 km troch in kloof hinne, mar der hawwe wy fanof sjoen wegens myn kondysje...bin toch wol snel wurdich en it soe sonde weze dat ik der in dei fan bekomme moast..

En in kear fleach it mei efkes oan wat tiid besjut : alles giet sa snel, sa sit ik op de scooter en in wike letter de earste chemo en doch der de tiid by op die der al west hat...Ferdorie die kanker bepaalt it libben..

Sa as altyd bin ik altyd ek wer bliid dat ik nei hus ta kin, de bern hienen it goed han en ek goed op elkoar passe en op it hus mei alles wat der by komt...grutsk dat it sa goed gien is !! Dizze wike hienen wy mar wer, lekker brun en utrest en toch wol de sinnen fersetten..

16 Maaie 2013

fanmiddei nei it sikenhûs west mei KT om it behandelplan te besprekken : De oncoloog hat it belang fan chemotherapie op de langere termijn oan us ferteld : de kanker die ik haw kin mei in hiel soad procinten werom brocht wurde as ik dizze behanneling undergean. Oer 10 jier kin it sels hielendal fuort weze !! Dat is in hiel skoft, mar tsjinwurdich komme jo aardich under controle en sa..En mocht it in kear net goed gien, dan binne der ek noch wer nye kansen...Sil bêrn oan hûs weze yn it siikenhus...It lyket hiel lang, mar bin dan ek noch mar 50 jier... Ik siz jim fest dat ik de kanker net de baas lit spylje yn us libben. Der sil in paad tuskentroch weze wer wy allegearre frede mei hawwe !!

Dernei kennis makke mei de oncoloogferpleegkundige, sy hat us ek noch fan alles ut lein oer hoe as it allegearre gean sil. De chemo komt mei in infuus binnen en sil per kear ungefear 2 duorje. 1 kear yn de trije wiken en dan 6 kear is de bedoeling. Omdat it in hiel soad ynformaasje wie, sil se us healwei it traject fan de bestraling noch utlizze...dat komt noch nei de chemo's...

Yn ding wie wis : it hier sil utfalle !! en dat is al ungefear 10 dagen nei de earst chemo. Bin no op syk nei bandana's en alles wat der mear is te kryen...It foardiel  is dat ik dit jier gjin kapperskosten mear haw en der in hiel soad fergoed wurdt troch de soarchfersekering...hahaha...En wa wit bestel ik noch in pruk mei blond hier of sa...haw jo ek noch ris wat oars...ik hald fan gekkigheden fansels....

De ynstek die wy hienen is der noch hieltiid : we sjoche wol hoe oft it rint, de ien wurd bot siik en de oare net. Elts hat syn eigen ferhaal en dat witte jo net earder as je it sels undergien binne...It heard frjemd, mar mei alle minsken om us hinne moatte we dizze k*t tiid wol troch komme...Der is noch tefolle om foar te gean !! We hawwe op dit stuit ek us goeie en slechte mominten, mar de tiid hald gjin skoft en alles giet gewoan troch...Oar jier en dan....

Wer ik wol in soad oer neitink is myn wurk....Ik wol graach, mar it moat wol kinne en net ten koste gean fan de sunens...Ik wol graach myn diploma helje fan de EVV mei alle opdrachten die der by heare, bin al in hiel ein, mar noch net klear..Soe ik tuskentroch myn leste presentaasje noch halde kinne ? Hoe stiet eins de skoalle en it wurk der tsjin oer ? Myn hurd wurkende kollega's ? Ik wol it ek net graach cadeau krije omdat ik no kanker haw...

Thus : it rint eins allegearre wol troch, haw gjin klaaien...en de tun docht it goed. Haw in pear alde kastjes kocht om se op te knappen, sil besig mei efterstallig underhâld fan foto's, mei graach leze. Dat binne in pear dingen wer ik de tiid wol mei troch kom...Breidzje en hake en klean ferstelle stel ik noch moai wat jieren ut. ( of der moatte ek hersencellen oantast wurde en dat ik dat opiens wol leuk fyn...mar dat tink ik net. hahaha.)

Relaasje : Ik hoech it net moaier te meitsjen dan it is,it hat behoarlyk impact op alles. Lokkich is de leafde sterk genoch om hiel wat te fernearen, ek al is it soms lestig om it goeie sin der foar te halden...KT en ik binne beide aardich went oan 1 boarst, details sil ik jim  besparje mar der is letterlyk minder om beet te pakken !! hahaha....Kom aanst troch de chemo ek yn de oergang, en omdat it gjin natuurlyk ferrin is, sil dat ek best heftig weze...It docht us bot tinken oan in stikje fan Hans Teeuwen...( google mar ris op dizze man en de "overgang"...of youtube.)

30 Maaie sil ik de earste chemo krije !! En jûn hawwe wy in fakansje boekt : Wy geane oansteande moandei 8 dagen nei Kreta !! It is ferfelend dat it der 29 graden is, oan see, en teraskes en iten genoch. Mar dat is net oars.....We wolle noch lekker efkes genietsje en goed utrest de kommende tiid yn gean !!

 

fan alles wat 8 Maaie 2013

no, om fuort mar te begjinnen : it falt net mei om myn libben wat oars yn te dielen...Fûn sels wol dat ik letterlyk wol wat yn de bouten haw, mar kom mei sels no wol gau ris tsjin en dat moat wol wenne : wask oan de lyne hingje giet yn in traag tempo, de sinneskermen nei beneden draaie fielt net noflik, yn de tun mei de linkerhân wurkje is ek nij foar my...tunpotten fersjouwe , oan it skoffeljen en skeppen bin ik noch mar net oan begûn...en dan ferjit ik it ek wolris dat rjochts it op dit stuit wat minder docht...Ik doch myn best om arbeid - rêst te ferdielen, mar der moat wol by neitocht wurde...It is fansels fantastisch dat it moai waar is, goed foar lichaam en geest !!

fierders knap ik aardich op hjer, fiel my better en bin beresten yn alles wat komt...Wy sjoche wol hoe oft it allegearre komt !! It fret in protte enerzjie om der hieltiiden mei besig te wezen, besluten om it ek wat los te litten... Haw fanmoarn sels 5 km rûn mei de buorfrou...In soad minsken binne oan it hurdrinnen, mar wy rinne..Sa no en dan in bierke doch ik ek, moat fansels wol wat weerstân hâlde...

Elts neidiel hat syn foardiel : Wy binne fan plan foar de chemo en sa begjint om op fakansje te gean en dan nei in sinnig lân !! Der hawwe wy bot nocht oan fansels, en mochten wy tuskentroch fit weze yn it proces dan geane we gewoan wer : op de motor of camper

De neptiet en ik kinne noch best sunder elkoar...It is al in kear foarkaam dus dat ik myn nye freondinne kwyt wie...Mar omdat it fansels harstikke oprûme is yn hûs fûn ik har wer yn de does..De mammacare ferpleegkundige sei dat it better wie om in sportbh te dragen yn plak fan in beugelbh...no tocht ik dat sille we noch wolris efkes sjen...ik  besykje it wol ! Mar as der dus gjin neptiet yn sit, stiet it foar gjin meter !! Mar ja, wie let der no op toch ?

fyn it moai om te lezen dat jim tinke dat de bêrn in soad doche : kin der sels wol om leitsje hjer en begryp it ek wol mar dan moat ik somtiiden de bern wol efkes fan bed roppe sadat se noch krekt wat dwaan kinne foardat se hun eigen gang wer gean..( sport, wurk, skoalle,utgean, freonnen en sa fierder).Fan de 5 hawwe der 3 ferkearing, dus de tiid moat ferdield wurde tusken mem en de oare helte...hahaha...En it giet my dan natuurlyk ek lang net altyd nei it sin, mar doch myn best om dan stil te wezen...( allinnich fernimme de bern dat wol en sjoche se dat ek wol oan myn gesicht..En omdat it allegearre lytse folwoeksende minsken binne moat der ek wolris in stevig petear komme !! Bliuw fansels wol de baas !!

Wachtsje no op de ôfspraak mei de oncoloog en dan kinne we wer fierdere stappen sette...